Ôfskie fan de deifoarsitter fan it Mearke

Moandei 30 novimber

Nei de foarstellings fan it Mearke yn 2019 hie Gerrit Wierenga, ús deifoarsitter, al oanjûn dat hy stopje woe mei syn funksje. No hienen wy him graach dit jier mei de Mearke foarstellings yn it sintsje sette wollen, mar sa't jimme witte koe it Mearke dit jier net trochgean fanwege Koroana. Mar dochs woenen wy net dat Gerrit samar sûnder betankje of wat dan ek út de spotlight ferdwine soe. Ferline wike hawwe wy efkes by Gerrit en Sietske op besite west om him noch te betankjen foar syn ynset en hawwe wy him in lyts kadootsje brocht. Gerrit tige tank foar dyn ynset de lêst 12 jier foar it Mearke Winsum. No as earefoarsitter mar genietsje fan dyn neisten.

« werom