2022 - De Grutte Showman

Fin van Barnum groeide op strjitte op yn earmoede. Mei trochsetten en hurd wurkjen is it him slagge in goed libben op te bouwen foar himsels, syn frou Maaike en dochter Heleen. It ferhaal fan de Grutte Showman begjint op de dei dat Fin ûntslach krijt op syn wurk.

Wat moat hy no? Hoe moat it no fierder? Soe dit dan miskien it momint wêze kinne dat Fin de dream ferfolje kin dy’t hy hat sûnt hy jongfeint wie? Giet Fin de striid oan en kin hy oare ferliedingen wjerstean? De Grutte Showman nimt jimme mei op in aventoer mei show, muzyk en hiele bysûndere minsken!