2015 - Parade

Parade is in mearke dy't past yn de rige Sinteklazemearkes fan de ôfrûne jierren. In tradisjoneel mearke yn in aktueel jaske mei hilaryske wurdboarterijkes en oare grammakkerijkes.

Parade giet oer in earm lân dêr't de Keizer net mei syn folk dwaande is, mar inkeld mei syn klean. Hy ferwachtet dat syn folk elke dei mei de tomme omheech ' vind ik leuk' nei him ropt.
 

As Silke, in jonge frou yn it lân komt, bart der fan alles. Of eins miskien wol neat.