2017 - Jaap en de Selfkickerkat

Foar Jaap is der gjin plak mear op it bedriuw fan syn heit en dêrom giet er fuort, yn syn ientsje. No ja ‘ientsje’? Hy krijt de strjittekat mei, dy’t nei in tovertrúk fan in fee ynienen prate kin.

Poes wit yn no-time it fertrouwen fan de kening te winnen. Dat liket moai, earst.
Mar op in bepaald stuit stiet poes syn strjittementaliteit mei leagens en bedroch Jaap tsjin. 

In Miausical is in modern humoristysk mearke dat past yn de tradysje fan de mearkes dy’t Advendo yn gearwurking mei teatermakker Tjerk Kooistra meitsje: humor, ferrassing, kwaliteit en fertier.